Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tûkje foar de siel

Keunst

fan Mathijs van den Bergh

Sy hat net boarte yn de tún,
in tûkje op ’e grûn fûn
of út ’e hichte helle,
want dêr koe sy noch net by,
sy kin it net fertelle.

Har eagen binne ek net ticht
omdat sy leit te sliepen,
te dreamen oer har poppe,
want dêr komt sy net mear by,
sy kin him net beroppe.

It tûkje hâldt sy net stiif fêst,
har hantsje hat it krigen
om geasten te ferjeien,
want dy hâlde sielen fêst
dy’t nei de himel meie.

* Mathijs van den Bergh (1617-1687)
Skilderij ‘Portret fan in dea berntsje’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum