oktober 12, 2016
Wa kiest net foar it rjochte paad mei spoaren fan dy’t gongen foar de tiid, in feilich far en smout it praat.
It hynder loek de line strak en lange streken oer it flak fan wetter, brocht – gjin kar – it folk teplak.
It spoar lûkt ek syn fêste baan en sleept optiders flitsend oer, spuit út it frije, mar ’t is inkeld waan.
Wa kiest dan leaver net in paad mei eigen spoaren oer de mar dêr’t frijheid is oan bar en fierte maat.
september 28, 2026
september 20, 2026