Dêr leit sy dan mei sloppe kop,
de snaffel drippend, lamme flerken,
jong bolbjirken markol,
heech yn ’t krop.
Dit mokkel hie it witte kind,
mar blyn foar de mobile wurken
hat se te let murken
dat it went.
It jonkje hat noch roppen: ‘Ho!’
It mokkel wie net fan sân hasten,
fleach dochs fierder, mar se
wie te slow.
|