Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As pastoars

Lyrysk Deiboek


Sy kinne plechtich stappe
as pastoars yn ’t fûgelryk
mei nei de himel ta ferbining,
fleanend mei streekrjochte hals
en wjukslaand oan gjin oar gelyk.

Dochs kaam yn ’t fjild de krisis
doe’t it gers it sicht benaam
op gatten yn de drûge boaiem,
bûge mei in kromme hals
joech neat, gjin mûs dy’t boppe kaam.

De himel joech in teken
oan de boer om acht te slaan
op ’t fjild mei fierste hege raaien
foar pastoars yn ’t fûgelryk,
hy moast har ’t romme sicht wer jaan.

Sjoch hoe’t sy plechtich stappe
wylst it ljocht de gatten wiist,
dy’t sichtber binne yn de boaiem,
foar de mûs is dat in griis,
hoewol’t er nei de himel riist.



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum