Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trije kear sa grut

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

Image

De Snitser mar, by skippers populêr,
leit ûnder ’t eilân as in spegel
mei de seilen trije kear sa grut,
de lêste striid wurdt rap of hurd,
dêr jildt gjin fêste regel.

De Snitser Pan hat yn it klassemint
de kop en sylt op eigen wetter,
dat syn kâns is trije kear sa grut,
de lêste striid wurdt rap of hurd,
men wit op Snits net better.

De Snitsers hâlde hert en holle fêst
as Jan* begjint op plakje njoggen,
want syn kâns leit tusken lyts en grut
wannear’t de gong net rapper wurdt,
mar sjochris wat se dogge…

Image

Mei skerpe slaggen oer de eigen mar
skoot Snits ferrassend op nei trije,
Jan syn kampioenskâns is wer grut,
it lêste rak giet hurd om hurd…
sil hy de winst ek krije?

It is De Jouwer dy’t hjoed earste wurdt,
mar ’t wurd fan Snits is trije kear sa grut.

Image

admin

Ald kampioen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1984

De jierren telden ek foar Lodewyk,
net dat er stjoerleas wurden wie,
hy hie it roer noch fêst yn hannen,
seach ek skerp it ûnderlyk,
woe stommegraach noch ien kear flamje.

Nei trettjin jier wer skûtsjekampioen,
dat wie wat hy foar eagen hie,
dêr jokken fan syn skippershannen;
op De Lemmer hied er wûn
de earste striid, mar doe ferjamme…

Image

It dykpublyk wist net wêr’t Lodewyk
ynienen wie of wat er hie,
want hy foer net mear yn de rige;
foar de man wie gjin ûntwyk
doe’t Jouster Anne* him bedriigde.

Image

De punten telden swier foar Lodewyk:
gjin kampioen, wol âld en bryk.

* Anne Tjerkstra, debutant

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum