Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjerkepaad

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik seach in boerd mei ’t tsjerkepaad
fan Rotstergaast nei Aldeskoat
dat noegjend spriek yn lânskipstaal
fan troch de tiid bedobbe praat
dat tsjerkegongers, soart by soart,
beskôgen as har preek op skaal.

Ik slaan it paad yn, wol benijd
nei lânskipstaal yn kleurich byld
dat oer de lekepreek noch swijt,
wol sjoch ‘k in wurd yn nije styl.

Image

It tichte stekje keart it fee,
in tinkbyld fan in oare tiid:
‘Toen Abraham zijn land verliet,
nam hij de kudde met zich mee.’

Image

De houtwâl skiedt it eigendom
en jout de tekst de tûken oan:
‘God zelf zorgt voor het offer, zoon,
blijf, Izaäk, niet staan, maar kom!’

Image

It griene lûkt it libben oan
wa’t toarst hat nei it wiere wurd:
‘Die dag kwam Jacob bij de put,
wou Rachel als zijn herdersloon.’

Image

De pleats biedt romte by it soad
foar fee en foer de winter troch:
‘De vette jaren duurden nog,
men bouwde voort op Jozefs woord.’

Image

It paad rint foar it wetter dea
as teken fan in âld ferhaal:
‘En Mozes sprak de doorgangstaal,
hij nam het volk mee door de zee.’

Image

Ik bin no kommen oan de ein,
ha sjoen en harke tagelyk
nei ’t paad dat bylke, preke: ryk
ferline oan gjinien ûntsein.

admin

Foar eare klear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch slút it swart fan remmingwurk
de tagong nei in nij seizoen
as wie it oan de winter bûn,
wylst blau fersiert it maitiidsswurk.

Yn wintersliep leit noch de tsjalk
te dreamen fan it simmerskoft
mei wolkefearren oan de loft
en twirredronken silersfolk.

Wat dream kin helje by it grien
fan hoop lit libje is hast klear
om mei te silen op ien ear
foar each en eare: nûmer ien.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum