Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Twa totaal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik seach se yn de fierte stean,
it wie in byld fan twa totaal,
in ienheid út itselde hout
en dochs hie elk in oar ferhaal.

It bern fertelde fan syn groei,
it stribjen nei in hege kroan;
hy woe de stive stringen kwyt,
syn winsk wie leaver hjoed as moarn.

De foarfaar hie syn stive lea
beskikber steld foar trimmerskip,
dat minskebern berikke sil
de hichte, op it libben grip.

Ik seach myn eigen libben stean,
de stringen stikken troch de groei,
beskikber yn de wittenskip
dat oaren groeie nei myn bloei.

Image

admin

Jonafolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Op 29 april 2007 wie de premiêre
fan de muzikale Jonafiering
yn de Sint Martinustsjerke
te Wurdum.

De sinne riisde op dy maitiidssnein
as ’t iene each fan Gods gesicht;
de strjitte wie in stil gedicht,
hie neat fan ’t stedske kreamkeplein;
it sleatsje, spegeljend it swurk,
ferlike mei it weagewurk
fan stoarm op see, wie ’t snienske lok fersein.

Image

Mar Sint Martinus riist hjoed himelheech
en sinkt mei ’t Jonafolk benearjend leech.

It harket nei it bûnzjend hert
fan Jona de profeet yn spee
dy’t útsjocht oer de kalme see,
mar Ninevee dat sjocht er net.

It sjocht it jeien fan it swurk,
de weagen mei it skiere skom,
it stampend skip, it giet derom:
hear Jona snoarkjen yn de durk.

It harket nei it farrensfolk
dat beart en flokt oer ’t faaie lot;
nei Jona’s tsjûgjen fan syn God
it ien, twa, trije yn de kolk.

Image

It fielt hoe’t Jona dweiltrochwiet
de djipte net mear peile kin,
it glydt oer slym en giet ferlern
mei Gods profeet syn minne died.

It sjocht mei Jona ’t deiljocht wer,
syn rêch keard nei ferline see,
’t gesicht nei ’t kommend Ninevee,
as gids by nacht de kleare stjer.

It harket nei it merkgebalt
fan keaplju by de gatten ticht,
wol woegen mar befûn te licht,
it Ninevee dat elkenien befalt.

Image

It sjocht hoe’t Jona skruten stiet
op ’t plein en om him hinne sjocht
wat Ninevee foar ûnrjocht docht:
by macht, geweld en jild op biedt.

It harket nei ’t profetysk wurd
fan omkear of de straf fan God,
nei ’t kleien fan de stêd oer ’t lot
dat slimmer is as spear en swurd.

Image

It sjocht hoe’t Jona swittend sit
te sjen nei wat net komme sil,
omdat it yngiet tsjin Gods wil,
Hy Ninevee net falle lit.

It harket nei hoe’t Jona poer
de holle yn de nekke smyt
wannear’t in wjirm de woartels yt
fan beammeskaad fan koarte doer.

Image

It fielt mei Jona’s libben mei
om’t elkenien soms Jona is,
in boetprofeet fan mis en wis,
dus binne wy mei him op wei.

’t Hat west en Sint Martinus streamt wer leech,
it Jonafolk is God syn twadde each.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum