Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskil fan aard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It brûzet yn de ieren om,
want bloed wurdt troch de hjitte tin,
de earmen swaaie út ‘e kom,
gefoelens reitsje op ‘e rin.

Image

Hy sjit mei faasje út ‘e grûn,
keart nei de sinne blêd en blom,
struit tûzenfâldich sie yn ’t rûn,
brekt nei in jier, komt rap werom.

Hy hold in ieu fan groeien oan,
want tempo lei net yn syn aard,
ferlear al foar syn tiid de kroan,
hie by it kalme aard gjin baat.

Image

It tsjocht net op en siedt ek net,
it Fryske bloed rint troch de ier
as sjerp en is sa tsjok as fet,
fertinnet by in kratsje bier.

admin

Iiskoarken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is maart
en yn it Simmerrak,
noch iepen, driuwe koarken,
elk syn eigen plak,
dochs lyk fan aard.

’t Hat wol wat
mei angels op ‘e kaai,
mar sûnder fangtoeristen,
út it striidfjild wei,
de fisk ta spot.

Stjerrend wier
en kâld, se steane wiis
te praten oer de koarken:
byt… it boltsje iis
is foar de sier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum