Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochseagje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It libben is de maatskippij
sa’t beammen sizze kinne
sûnder wurden, deadlik nij
foar ’t folk om sicht te winnen.

Is sa te sjen ferfal it lot
fan ’t libben, net te kearen?
De natuer of kriget God
foar syn ferrin de eare?

Se binne beide by elkoar:
it lot fan stadich brekken,
lizzend heakket ta de oar
de macht om ta te stekken.

Se stekke troch, ek hjoeddedei,
trochtrape dy globalen,
wrâldwiid giet de oerheid mei,
lûkt foar it ûnrjocht walen.

Foar boargers bliuwt ien middel oer:
de alderskerpste seage,
stek dan ta, al is ’t in toer,
en seagje troch dy pleagen.

admin

Opstannich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik rûn en dreamde tagelyk,
noch dizich troch de skrouske wyn
en ’t wite laachje op ‘e dyk,
kaam mear en mear deryn.

Image

‘k Stie stil en dreamde stadich troch
by ’t joadske tsjerkhôf yn de kjeld,
it wite laach lei der noch,
de stilte, gjin geweld.

Ik lei de holle tsjin de stjer
en dreamde oer in neare tiid,
doe hearde ik mysels: ‘Ik stjer,
mar net nei earst de striid.’

‘k Seach op by ’t skuorren fan de grûn,
waard dizich Joad nei Joad gewaar,
ek Jezus, dy’t nei foaren rûn:
‘Kom út dit skrouske waar!’

‘k Gie mei de Joaden op ‘en paad
en stiek mei har de brân deryn,
it jildpaleis gie fan de kaart,
syn reek ferwaaide op ‘e wyn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum