Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Beatrix

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Har namme stiet foar navigearje
tusken see en fêstelân,
ferstân en yntuysje,
premier en achterstân,
de brân en ’t stoarmgeweld,
de rjochter- en de linkerhân,
it sânfolk en de klaaikers,
it easterskar en westerstrân,
it dreamlân en de komasoan,
se moast wol balansearje.

De Beatrix leit oan de kade,
kleurich nei har eale stân,
se kin no navigearje,
gefoelich, mei ferstân,
gjin brân en stoarmgeweld,
sy hat foargoed de frije hân
fan westerstrân by kusten
lâns, yn balâns nei Ingelân.

Image

admin

Blauwe bloei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Snuvend rûn ik troch de leane,
rûkend oan it maitiidsgrien,
ik telde al in beam of tsien,
hjir al, mar oars noch nearne.

Jonges fytsten wylst se rikken
as in skoarstien op it oare paad,
it lei no ienkear yn har aard
om op ‘e reek te kicken.

Mei twa fingers om de gatten
fan de noas kaam ‘k by it blau,
de leechte fan de fiere rou,
mar no noch om te spotten.

As twa knoppen ús beswarre
dat it libben boppe alles giet,
dan sjongt de blaukop ’t heechste liet
en kinne wûnders barre.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum