Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stoarmfêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As it oan de touwen leit,
keunstmjittich fabrisearre,
sterk en passend om de foarm,
kin neat de hang bedjerre.

Sterke foarmen geane mei
de tiid troch, heech wurdearre,
mar de seage raspt alarm,
wat libbet moat no stjerre.

As it oan de buorlju leit,
is sels de stam misfoarme,
woartels lykwols ha as noarm:
wy hâlde fêst yn stoarmen.

admin

Hermes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
It wie betiid yn it seizoen
mei skrale noardewyn
dy’t wiet en bloed bestjurre,
mar sy setten al de feart deryn,
want Hermes wie har kampioen.

God Hermes tsjinne as heraut,
wie tagelyk har gids,
model om oan te fjurjen,
dus de brân deryn nei ’t stedsje Snits,
mei Hermes wie it wol fertroud.

’t Gie stadichoan op’ t friespunt ta
en ’t bloed waard tsjok en traach,
dat Hermes moast wol gidse:
‘Heineken foar droege kiel en kraach,
by Pampus binne jim dan sa.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum