Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libben sulver

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De beammen binne wintersk klaaid,
lykas de reiden noch net nei
de moade fan de maitiid,
wat net alles seit.

Image

It folk sjocht like donker nei
de gaos fan de wintertiid,
de depressive weemoed,
wat de hjerst foarsei.

Mar wat wie earst sa read as bloed,
feroaret stadichoan yn goud,
dat blinkt troch alles hinne
as in iere groet.

Image

Hoewol’t it reid it net fertrout,
stiet as in peal al boppe ’t wiet
dy iene sulverreager,
libben ûnder ’t goud.

admin

Amper djipgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dêr leit er foar Bonaires kaai,
de motors rinne noch, mar út it wurk,
lykas de trijetûzen op ‘e dekken,
dy’t foar ûntspanning farre mei,
al dagen ûnder ’t skjinne swurk.

Sa koerst it cruiseskipwrâldsje nei
ûndjiptes, spegels fan ’t matearjefolk
dat ek net djipper stekt as kiel en mage,
de loads wiist op Bonaires kaai,
dêr’t gjin ferlet is fan in tolk.

Se swalkje knauwend oer de kaai,
net folle fierder, foar in sûvenir,
mei trijetûzen leit it skip wat djipper,
de eigen djipgong wiist noch faai,
Bonaires loads helpt ek gjin sier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum