Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stânsferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Foldien sit hy op ’t strân,
de mage fol mei grom;
wat fiskers fuortdien ha,
kriich hy út earste hân
yn ’t krop, dêr kaam er om
en koed er bêst mei ta.

It strân is foar syn nocht,
dus baait er yn de see
en tagelyk yn ’t ljocht.

Image

Mar sy ha noch gjin kar:
as swarten op it wyt
moat elk mei minder ta,
want ticht leit noch it far,
hoewol’t de snie al slyt…
it griene lokket sa.

Image

admin

Bonaires produkten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Bonaire ken syn sterk produkt,
want boppe wetter skynt de sinne
dy’t it eilân folop kleuret,
sa feroaret lyts yn grut,
de wrâld is noch te winnen.

Image

De wrâld fart nei Bonaire ta
mei hege flats en flugge jachten
dy’t it eilân ryklik fleurje,
rûnom rykdom leanet sa,
’t produkt is nei ferwachting.

Ferwachting spilet ek in rol
wannear’t de fisker boppe wetter
lûkt de line mei de fisken,
bliid al mei in amerfol,
’t produkt kin amper better.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum