Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rjochte rêgen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Matteo Rosselli*

Noch rjochtop stiene byld en trije
manlju út Jeruzalem,
sy bûgden net foar kenings stim
en woene sa de goaden mije.

Doe klonken yn ’t paleis de stimmen
tsjin de trije mei as doel
dat oer har litten ’t oardiel foel,
it godsbyld soe har libben nimme.

Image
detail

De kening liet de trije komme,
joech har noch in lêste kâns,
sy wiene foarst en goaden mânsk
en ha de rêch foar ’t byld net kromme.

Nebûkadnessar liet de trije
bine foar in lôgjend fjoer,
joech har sa oan de goaden oer,
sy woene foar de Iene lije.

Image
detail

* Matteo Rosselli (1578-1650)
Skilderij ‘Sadrak, Mesjak en Abednego’

admin

Bûge foar in byld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It dreambyld rekke yn de dize,
mar de machtsglâns ljochte op,
de kening stiek heechop it krop,
der moast in gouden stânbyld rize.

It waard in byld fan tsien kear heger
as de langte fan de foarst,
út ien stik, sûnder naad of barst,
gjin goudwurk wie yn Babel dreger.

’t Befel wie om massaal te fieren
dat de kening strieljend stie
op ’t fuotstik, dus net ûnder die
foar goaden, ’t folk wie as de dieren.

Tichtby de grûn, de holle bûge
by muzyk fan ’t feestorkest,
mar wa’t oereinbleau, hie der west,
hy waard troch hjitte flammen noege.

It byld seach del op mannich holle
as lei ’t folk ferslein op ’t plein,
mar trije bleauwen rjocht oerein,
want kenings wurd wie har tefolle.

* Ut ‘Understanding prophecy’
Yllustraasje ‘It byld fan Nebûkadnessar’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum