Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Beferzen bylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hjoed fiert de Kolk my nei ’t ferline
dêr’t twa skippen lizze yn it iis,
beferzen bylden dy’t my bine
oan it jonkje dat ik wie.

Ik kaam op ’t skûtsje mei fakânsje,
’t libben like fleurich, wat healwiis
om jong te wêzen mei garânsje
fan it soantsje dat ik wie.

Oer ’t iis seach ik de wetterpoarte
troch it blommerútsje fan de roef
dêr’t ik mei ’t azemgatsje boarte
as it bern dat ik noch wie.

Ik kriich fan mem de bôlekoarsten,
goaide heech en fier as wie ’t in proef,
seach hoe’t de miuwen komme doarsten
by it jonkje dat ik wie.

Mem gie de jûns mei my nei foaren,
joech in nachttút yn de kâlde durk,
ik seach op ’t izer wetterspoaren
as de dreamer dy’t ik wie.

Heit stie de moarns it waar te skôgjen,
’t duorre him te lang, hy woe oan ’t wurk,
ik skrok, koe net sa goed mear kôgje
as syn soantsje dat ik wie.

De Kolk waard hielendal wer wetter,
’t libben oars, se woene my doe wiis
ha, dat wie foar it wennen better
foar de jonge dy’t ik wie.

Hjoed rin ik troch de wetterpoarte
dêr’t twa skippen lizze yn it iis,
fersierde triedden dy’t my hoarte
by it bern wei dat ik wie.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum