Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winter hjirre

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Eartiids swalken se de doarpen ôf
mei hannel foar it deistich brea:
‘In bjinder, elastyk of biezem, frou?
Wy slypje ek jo mes of skjirre
skerp, dêr stekke jo sa ien mei dea,
gjin dief hat wat te sykjen hjirre!’

Image

Jierren lizze se al oan de kaai
as einen yn in sletten bit
beferzen, nea wer op ‘e wjukken nei
de doarpen foar in mes of skjirre,
mar wol iiskâld sjen nei hoe’t it sit
mei einen yn de winter hjirre.

Image

Klomjend sitte se rûnom it bit
dat iepenbliuwt troch ’t swimmend laach
dat net graach op ‘e glêde iisflier sit;
se komme sa net yn de skjirre
fan de froast, al is de wjukslach traach,
sy hoege net te bliuwen hjirre.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum