Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Grutskalich feestmiel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Vasily Surikov*

De nije kening Belsjassar
hold yn ’t paleis in feestlik barren,
grutskalich, tûzen gasten yn de pronk,
muzyk en drank fermakken har,
de skomwyn joech in wylde dronk.

De kening liet him ’t fierste gean,
it paad lâns nei Judea’s timpel
foar bekers, fetten, skalen en noch mear,
dy moasten op ‘e tafels stean,
want skomje soe it kear op kear.

Sa tjirre kening Belsjassar
him mei it hillich goud en sulver
en naam noch ien op ’t eigen goaderyk,
ynienen wie elk yn de war,
de tûzen waarden as in lyk…

Image

* Vasily Surikov (1848-1916)
Skilderij ‘It feestmiel fan kening Belsjassar’

admin

Fan kening ta bist

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Jan Luyken**
 

It koe net heger as it dak
fan ’t keninklik paleis,
de heechmoed fûn dêr plak,
’t bleau hingjen by stap seis.It sloech ynienen yn it brein
dat dit wie net syn plak,
hy kroep earst nei it plein,
de grûn wie hurd en flak.

Image

Syn frjemde eagen stiene skril,
hy wist fan troan noch kroan,
rûn fierder sûnder wil
en kaam by bisten oan.

Hy seach fan har it fretten ôf,
de mûle waard in bek,
it gers foel him net rau
yn ’t liif… wa wie no gek?

Image

Seis stappen sieten yn it brein
oant hy him deljûn hie,
doe waard as wierheid sein
dat sân de takomst wie.

It koe noch heger as it dak,
omdat de Iene sei
wat wie de foarst syn plak,
dêr hied er frede mei.

* Yllustraasje ‘Nebûkadnessar as bist’

** Jan Luyken (1649-1712)
Ets ‘Nebûkadnessar fret gers’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum