oktober 10, 2016
fan ûnbekend*
It wie bysûnder, op ‘e nij kriich Daniël in fisioen, hy fielde wyn út fjouwer streken, dat de see spriek op oant yn de jûn, liet fjouwer frjemde bisten frij: In liuw mei wjukken fan in earn In bear mei ribben yn de bek In panter, wjukken op ‘e rêch In bist dat noch gjin namme hie, It waard in wûnder, der wie Ien * Yllustraasje ‘Fisioen fan de fjouwer dieren’ |
oktober 10, 2016
fan Peter Paul Rubens*
It wie in wet fan Meden, ek fan Perzen, keninklik en ivich fêst: de bidder moast de kûle yn, de wei nei boppen like skyn, it wie folslein tsjin ’t liuwe-wêzen. De kening koe de hiele nacht net sliepe, Hy gie betiid op wei, noch foar ’t lemieren, Doe waard de bidder út ‘e kûle helle * Peter Paul Rubens (1577-1640) |