Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sprekkend byld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

It byld stie elkenien foar eagen,
mar wat it sizze woe noch net,
dat soe troch ’t wurd fan Daniël;
hy hat de foarst en ek de wizen ret,
dy’t him as harren rêder seagen.

De Iene jout de kening gloarje,
fan ’t byld de holle, suver goud,
fan sulver is it twadde ryk,
fan minder oansjen, dat ek leger bout,
sels koper kin noch wol bekoarje.

Feroaring komt mei ’t hurde izer,
in ryk dat alles stikken slacht,
mar ’t izer mongen mei de klaai
kin net mear stean, in kening sûnder macht,
it hiele byld is de ferliezer.

De Iene sil de wrâld feroarje
mei ’t keningskip dat ivich is
en hurde machten stikken slacht…
de bylddream en de útlis wiene wis,
oan God en Daniël de gloarje.

* Ofbylding ‘It dreambyld’

admin

Byld fan alle tiden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Sa krige Daniël foar eagen
it fisioen en wat er moast:
de kening sizze hoe’t it stie
mei ’t wize wurd en ’t byld as frjemde gast…
hy seach it fan de ierde reage.

Frijmoedich liet de jongfeint witte
dat hy gjin alleswitter wie,
God makke dreamen iepenbier
en joech oan wa’t him tsjinne wize rie…
it byld soe nimmen wer ferjitte.

It byld is heech, ja sels ûnbidich,
de holle klearebare goud,
fan sulver binne boarst en earms,
it hat derfan as is it minder boud
as boppe-oan, want dêr oerdiedich.

Fan koper binne liif en siden,
dan komt it izer, skonk en foet,
de lêste mei ek tichelklaai,
it mânske byld stiet faai, it giet net goed…
it wurdt in byld fan alle tiden.

* Boarne ‘Nieuwsgroep’
Ofbylding �??It byld fan Nebûkadnessar’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum