Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Geheim oerlis

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Maarten de Vos*

Image

Yn noed siet kening Sedekia
fanwege Babels leger
dat beneare hiel Jeruzalem,
doe rôp er godsman Jeremia.

Profeet, do silst my neat ferswije,
sis my wat de takomst bringt.

Kening, soe ‘k it planút sizze,
wis is ’t dat de dea my winkt.

Ik swar, do silst yn libben bliuwe
asto my de wierheid seist.

Dan hat God neat oars te sizzen,
Babel is jo moarn it neist.

Wa’t oerrûn is, sil my bespotte,
dus ik bliuw by ’t eigen folk.

Freonen ha jo sakje litten
yn de drek fan harren kolk.

Profeet, do silst oer ’t oerlis swije,
wit dat oars de dea dy winkt.

Rêst kaam doe oer Jeremia:
gjin wurd foar kenings freonen
oer it oerlis oer Jeruzalem
en ’t lot fan kening Sedekia.

* Maarten de Vos (1531/1532-1603)
Yllustraasje ‘Jeremia wurdt troch Sedekia
om rie frege’

admin

Sponsorfracht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

It kin net sûnder sinten,
want de skûtsjes ha gjin fracht
foar ’t greidlân fan de boer;
se hâlde ’t âlde wol yn acht
en freegje yn de brij om krinten.

De boerebank koe ’t misse,
joech de skûtsjes ryklik fracht,
mar ’t wie de boer doe oer:
‘Wy lizze krom by dei en nacht
en kinne ’t sponsorjild net risse.’

Image

Sa komt men op ‘e kofje,
mar alhiel net by DE,
dy joech it frachtjild oer
op kosten fan tabak en tee
foar folle langer as in skoftke.

Se lieten har plakette
sile yn jier dûbel acht
en op ‘e poster foer
de Snitser Pan mei kofjefracht,
wat botste mei guon Jouster wetten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum