Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Finale stress

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

De Snitser mar lei ûnder spanning
fan de wyn en ’t klassemint
fan wa wurdt kampioen?
It skûtsje dat it bêste rint
mei oan it skreppen syn bemanning.

De float moast nei de winner riede,
want dêr wie de spanning foar,
it waard gjin skipper jûn;
faaks Siete*, hy hie rûn as ’t spoar,
mar stress soe straks syn wetter siede.

Image

It wetter brûsde troch de waring,
Siete sette him te skrep
lykas in jonge hûn;
doe krige hy fan Rienk** in mep:
‘Protest, de winst is net dyn gading!’

De spanning soe de wedstriid meitsje,
sette troch nei ’t lêste skot:
wurdt Siete kampioen?
Foar him smiet Rienk in geunstich lot,               * Siete Meeter
dat Boalsert koe de stress belaitsje.                  ** Rienk Zwaga

Image

admin

Belgysk wyt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1987

Image

Twa dagen noch en dan wie ’t dien,
de spanning rûn elk oere op
rûnom it marpart fan Terherne,
dat kleure fleurich blau en grien:
it swurk, de startboat en de finne.

Image

Wâldsein as twadde yn ’t gehiel
foer mei de hals op nei de start,
want wêrom no al folle seilen?
De kop waard aansen grif syn diel,
want Teake* koe syn kânsen peile.

Ynienen kaam yn Belgysk wyt**
it Drachtster skûtsje op plak ien,
al fûn men fok en seil ek dweilen,
mar wat koe ’t skele, dochs gjin byt,
want Hattum*** koe syn kânsen peile.

Image

En yn de fierte foer Wâldsein
yn ’t Fryske brún as bearenburch,
gjin slok yn ’t foar op syn posysje:
plak trettjin yn de tichte rein
en fuort de kampioensambysje.

Image

* Teake van der Meulen
** Nij wyt túch út België
*** Hattum Hoekstra

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum