Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan poer nei Pûr

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend

Haman, trouwe tsjinner fan de naasje,
promovearre, kriich in hege sit,
beskôge ’t paad as syn besit,
berûn it as ferdivedaasje.

Image

Tsjinners knibbelen foar him op strjitte,
útsein ien en dat wie Mordekai,
wylst alle dagen ’t folk sa lei,
koe Haman Mordekai wol sjitte.

Poer wie Haman, dat dy Joad soe witte
fan it wurpen lot, dat neamd waard Pûr,
mei Adar** wie syn libben oer,
watsei… syn hiele folk soe ’t litte.

Haman moast it mei de foarst besprekke,
sette ’t joadske folk by him apart,
de wet ‘Utroegje’ wie mar koart,
sa’n foarskrift koe gjin Joad ferbrekke.

Boaden brochten ’t skriuwen nei de kriten
oeral yn it ryk: de Joad moat dea,
wat hy besit, wurdt jim ta brea…
’t soe foarst en Haman earst net spite.

* Yllustraasje ‘Haman en Mordekai’
** De tolfde moanne

admin

Froulik selsbyld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Kening Ahasfearos woe wer trouwe
mei in faam dy’t der wol wêze mocht,
dat yn it hiele lân waard socht
nei withoefolle kreaze frouwen.

Mordekai, in Joadske balling, tsjinne
yn de buert fan ’t keninkllik paleis,
fernaam al gau it lêste nijs
en koe dêrmei in protte winne.

Ester, dochter fan ferstoarne âlden,
kriich by Mordekai in feilich plak,
hy seach ’t paleis as ûnderdak
om ’t eigen folk yn stân te hâlden.

Hegai, wachter oer de kreaze frouwen,
wie foar Ester better as gewoan
in hoveling, sy spriek him oan,
kriich opmaak, boppedat fertrouwen.

Ester moast doe by de kening komme
mei de opmaak neffens Hegais rie,
dêrboppe hoe’t sysels al wie,
dêrtroch stie ’t hiele hof ferstomme.

Kening Ahasfearos moast wol kieze
foar de faam dy’t der wol wêze mocht,
net wittend wat de takomst brocht,
mar Esters folk soe net ferlieze.

Image

* Yllustraasje ‘Ahasfearos makket Ester ta keninginne’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum