Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Manlik feest

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Kening Ahasfearos woe wat fiere,
trije jier siet hy al op ‘e troan,
sa’n hege sit foldie him skoan,
in kwestje fan himsels fersiere.

Alle pommeranten moasten komme,
sels dy fan de grinzen fan syn ryk,
want elk wie op it feest gelyk,
se ha der mear as ien op nommen.

Kening Ahasfearos rekke dronken,
dat it wie oerdwealskens dy’t him dreau,
hy rôp wêr’t de foarstinne bleau,
in kwestje fan har kreaze skonken.

Keninginne Wasty woe net komme,
seach harsels net sitten as model,
de rok omheech en dan wer del,
wat koe sa’n machtsbefel har bomme.

Alle wize rjochters fan de naasje
sprieken Wasty skuldich oan ferset,
wat yngie tsjin de man syn wet,
in kwestje fan diskriminaasje.

Keninginne waard gewoan frou Wasty,
har emansipaasje kaam te ier,
de frou wie inkeld foar de sier,
wa’t oars woe, gie grif troch foar spastysk.

* Byld ‘Kening Ahasfearos’

admin

Jobs libbenswinst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Blake*

Behalve lijer waard Job ek lytsman,
hy bûgde djip yn ’t stof rûnom
en fielde him troch ’t Godswurd yn de ban:
‘Ik koe Jo mar fan hearren sizzen,
myn eigen sizzen hearde dom,
sjoch my as boete yn de jiske lizzen.’

De Iene rekkene it Job net oan,
mar wol syn maten rûnom him,
sy hiene ’t mei har sizzen slim bedoarn;
nei ’t offer moast Job foar har bidde,
ynmoedich klonk syn swakke stim:
‘Hâld, Heare, dizze freonen yn ús midden.’

De omslach kaam mei treast, in ring en jild
fan broers en susters dy’t er hie,
en boppedat in smite fee yn ’t fjild;
der waarden ek tsien berntsjes berne,
lykas it foar de delgong wie,
sa kriich Job libbenswinst nei it ferlerne.

Image

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Job nimt geskinken oan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum