Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Breedwjukkich

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

De wjukken út, as op termyk
sa driuwe fjirtjin wetterfûgels,
breed de loete en de gyk,
de kalmte makket kûgelsk.

Mei dûbel D rap út ‘e start,
in kûgel foar de trettjin oaren,
prachtich hoe’t it skûtsje fart,
mar sil it hjoed ek score?

De Lemmer tusken D en liuw
heint op it eigen wiet in twirre,
mar wurdt wjukleas as in miuw,
de fraach is: fljocht er fierder?

Image

In Lemster is in seemiuw wend
en wit, in wjuk wurdt gau wer better,
’t giet gewoan, al nei de trend
fan rap op eigen wetter.

admin

Opspattend Fluezenwetter

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

De wyn song yn it want
it liet fan ‘dit is silen’,
weagen batsten navenant
deryn, it swurd hat dêrby spile.

It wie Doarp Grou nei ’t sin,
noch sûnder yn te stimmen
mei it fers ‘it giet net min,
lit ús al fêst der ien op nimme’.

De wyn song om de mêst
en spattend stimde  ’t wetter
mei ‘hâld no de foarsprong fêst,
sjedêr, gjin konkurrint sylt better’.

’t Publyk beharke ’t liet
en flagge boppe stiennen
al foar Grou… gjin wiete tried
oan ’t liif, sa seach it Berend* winnen.

Image

* Berend Mink

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum