Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Omkearde rollen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Ahasfearos koe dy nacht net sliepe,
wat der bard wie, liet him net mei rêst,
hoe kriich er op ’t ferrin hâldfêst,
dus moasten de kroniken iepen.

Mordekai  stie skreaun mei die en namme:
oanslach op ‘e foarst wie troch him keard,
nea waard er foar dy rêding eard,
dat Ahasfearos lei beskamme.

Haman soe dy dei mei ’t boadskip komme
fan dy Joad syn straf, heech op ‘e peal,
hy hearde kenings fraach mar heal:
‘Hoe kin de foarst syn tsjinner romme?’

Doe woe Haman ha, hy wie dy tsjinner,
kenings mantel wie him wol nei ’t sin,
syn hynder drafke ek net min…
’t wie Mordekai, it koe net minder.

Haman moast doe foar it hynder rinne,
kenings mantel wie foar Mordekai,
de Joadehater rôp dy dei:
‘Dit is de man om ear te winnen!’

Image

* Bibelske keunst fan Azor masters
Yllustraasje ‘Haman liedt Mordekai troch de stêd’

admin

Peal foar Mordekai

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Haman wie nei ’t gastmiel yn de wolken
oer syn kommen by de keningin,
mar Mordekai bedoar syn sin,
syn rêch bleau rjocht lykas in balke.

Thús liet Haman frou en freonen komme,
snijde op hoe ryk oft er wol wie,
dat hy by ’t wiif tsien soannen hie,
sa sloech hy op syn eigen tromme.

Lûder noch liet Haman ’t gastmiel hearre
dat er hie by ’t keninklike pear,
allinnich hy, in hiele ear,
soe dan dy Joad syn feest bedjerre?

Frou en freonen koene him wol riede,
want sa’n Joad bestraffe moast net heal,
dus stek him op in hege peal,
syn rêch soe fûgels ’t sitplak biede…

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum