Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nebûkadnessar en Holofernes

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Nebûkadnessar en Arpaksad,
foarsten yn ’t gebiet fan ’t paradys,
sy stribben nei ultime macht,
de swakkens fierde nei ferlies,
de sterkte naam it tal yn acht.

Nebûkadnessar stjoerde boaden
út nei folken fier foarby de grins
om bystân tsjin syn aartsfijân,
gjin folk sloech acht op kenings winsk,
syn grime streamde oer it lân.

Nebûkadnessar sloech Arpaksads
leger fier werom, syn fijân wie ferslein,
sa kriich de foarst doe alle macht,
syn grime lykwols koe gjin ein,
oan folken balte hy de wacht.

Nebûkadnessar stjoerde ’t leger
út mei Holofernes, dy’t as generaal
de oarder kriich om bluodrich wraak
te nimmen, rûnom en finaal,
foar ’t legerhaad gjin heale taak.

* Byld ‘Nebûkadnessar’

admin

Holofernes en Judit

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Image

Dit is ’t ferhaal fan sterk tsjin swak
en letter folge swak tsjin sterk,
earst Holofernes, generaal,
doe widdo Judit mei ien haal,
sy houdo fleanend mei ien flerk,
hy kriich as bloedearn syn gerak.

It wie in tiid fan arrogânsje,
’t fûle stribjen nei in machtich ryk,
sjedêr Nebûkadnessar,
wa maalt der dan noch om in lyk,
geweld is de wizânsje,
hjir meldt him Holofernes.

It wie in tiid fan djippe rouwe
foar de widdo om har leave man,
syn namme wie Manasse;
sy giene troch foar lokkich span,
men koe op har fertrouwe…
en Judit wie har namme.

* Donatello (1386-1466)
Byld ‘Judit’ yn Palazzo Vecchio te Florene

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum