Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Snertsensaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie as klonk der rûn alarm,
want bluodrich riisde yn it swart de sinne,
stadich, want fertiisd yn tûkeguod;
hoewol’t it kâld wie, waard ik waarm,
mar ‘k rûn net foar dit teken fuort,
wol moast ik earne hinne.

It wie wol wier, dat frjemde lûd
kaam tichterby en streekwyt út ‘e hichte,
net te kearen as it ûnheil brocht;
it taaste my djip yn it moed,
want wat te sjen wie, hie ‘k net tocht:
’t begûn ek yn de lichte.

Image

De flammen lôgen nei it swurk
yn wolken reek, ik tocht: evakuaasje
fan pasjinten út Antonius,
de rêdingtsjinsten oan it wurk!
Doe rûkte ik de keuken, dus
wie ’t inkeld snertsensaasje.

Image

admin

Op ‘e grins

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se hearre ta it sterke skift,
de einen fan de stêd,
en komme út ‘e nacht fan ’t wite
winterwaar, foar ’t moed wol let:
de lêste oanfal op har drift.

Dochs stekke se de fearren glêd
dêr op ‘e grins fan iis
en wiet, fan stêd en wite krite,
gjin fear sit no mear yn de tiis,
de klier jout jerkelûkend fet.

Se skôgje koart de kriteloft,
dy’t eaget nochal griis,
mar grif komt der in oare rite,
gjin flok bringt har mear fan de wiis,
it brulloftsfeest wurdt ’t drokste skoft.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum