Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kobbekoppen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As in peal krekt boppe ’t wetter
stiet er heinend weach foar weach,
mar klotsend strike se foarby;
de fraach is: wannear keart it tij
en wurdt syn oansjen better?

Image

Nachts falt yn de help fan boppen,
strykt de wyn kâld oer it wiet,
bestjurret byldzjend weach foar weach,
in ljochte streaking foar it each
al dy beferzen kobben.

Lit se sitte yn de rige,
efkes as wie ’t mar foar ’t byld,
no noch mei wite winterkop,
mar daliks fleane se wer op:
it libben kin net lige.

Image

admin

Jiske

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Karnaval, wa kin it net,
syn rop giet oer de wrâld,
de lol om op ‘e kop te setten,
want jong wurdt wa is âld,
ek Siger de Sigret.

Image

Jou de romte foar syn reek,
it leafst yn elke long,
wat oerbliuwt dat is inkeld jiske,
wa’t kankert wurdt wer jong
en Siger hâldt de preek.

Woansdei komt mynhear pastoar
mei ’t tsjerklik jiskefet
foar ’t krúske op ‘e lege holle,
want boete wol de wet,
dêr is de mage foar.

Freed is wer in hjitte dei,
dan komt de brân deryn
troch bommen op ‘e folle hollen,
de jiske as woestyn,
dat bringt de Führer mei.

Image
Pablo Picasso

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum