Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ut glop en steech

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn de earmen sletten troch de stêd,
sa leit er noch yn winterkleed,
hy hat wol skjin syn nocht fan ’t wetterbêd.

Fan de brêge hat er noch gjin weet,
de hiele winter wie dy ticht
en kriich gjin fragen oer te smel of breed.

Yn de maitiid ropt lykwols de plicht:
it wetter op, de klap omheech!
It meganisme wurket net… te licht.

Alle seinen read, it liket dreech,
fan kyl oant top riist dochs de hoop:
de fierte winkt, dus syl út glop en steech.

Image

admin

Sûnderlingen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch lei it wyt fan ryp op ’t fjild,
mar yn de stêd wie ’t wetter wyt
fan iere entûsjastelingen
mei it fel noch oer de eagen, dy’t
op ’t netflues krigen slompen jild.

Euro’s as de kerrels op it Skylger strân
skiet Sabre Sand syn captain op ‘e hân.

Image

Mar hûndert stappen fierderop
lei ’t skip fan modder, turf en stront
fan folk no sjoen as sûnderlingen,
mei it brune fel fan kop oant kont,
geskikt foar noch in goare mop.

Fyftjin sinten foar in ton as ’t hurde feit,
sa foer de skipper op syn Dankbaarheid.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum