Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bestimming ûnwis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin beweging sûnder doel,
tichtby of yn de fierte,
de ien berikt it koel
en oaren yn de hjitte.

’t Waggelet, tripket, swimt en fljocht,
wat libbet dat moat frette,
de dei troch in gefjocht,
net altyd neffens wetten.

Einen, markols op ‘e grûn
krioelje om de krommen,
troch minskehân har jûn
om hjoed wer troch te kommen.

Miuwen bliuwe yn de flecht
en dûke om te heinen,
se fine harren echt
sa goed wol as de einen.

Mar noch heger fljocht it folk,
in stribjen sûnder remming,
noch yn in rôze wolk,
gjin weet fan de bestimming.

Image

admin

Stoarm op gas

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In kwestje fan mar fjouwer heech,
want fierder mocht de bouwer net
fanwege alle útlitgassen,
foar de stien jildt wet is wet,
foar gas is ’t noarmbesef krekt leech.

It trof, de wet hie wol gelyk,
want ’t gas rôp op in foege stoarm
dy’t twirre oer it Houkewetter,
stien bleau stean lykas in dyk:
foar útlitgassen gjin alarm.

De ‘Wetterpoarte’ wie ek boud
op ’t hege klimmen fan it gas
en ’t swiere stoarmjen fan de tiden,
gjin inkeld tou kaam los:
de Snitser mar wie net fertroud.

Sy waarden troch de jierren heech,
gjin gas of wet hold harren tsjin,
se groeiden fierder as laach fjouwer,
hegerop wurdt lykwols dreech,
omdat de stoarm noch swierder kin.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum