Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De lêste slach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is op slach fan njoggen oere
as de beam der klear foar is
om alle lûden op te heinen
dy’t it kariljon de loft yn struit;
de hertslach liket hjoed wol wis,
de himel ljochtet, jout de seine.

De dowen fleane oer en koere
yn de beam by ’t klokkeliet
dat sjongt troch strjitten en op pleinen
dat gjinien de lêste siken jout
salang’t it hert de slach trochstiet,
de himel ljochtet, jout de seine.

Image

Mar as de wizers net mear roere,
healwei njoggenen dy moarn,
dan is dy iene hertslach eine
fan it bern dat noch gjin siken hie;
in fûgel biedt syn wjukken oan,
de himel skuort om op te heinen.

Image

admin

Moarnsympresjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is de oergong dy’t it docht,
want hjoed riist op út juster
mei in fiere kym of berchgebiet,
it is mar hoest de dei besjochst:
yn ’t ljocht of trochgeand tsjuster.

Myn paad rûn by de beamwâl lâns,
ien koe de walen rikke
fan de heilbui mei syn roffelliet,
ik seach it ljocht, bleau yn balâns,
de moarntiid woe it skikke.

Image

Dochs kaam it nuver op my oer
doe’t walen bergen rekken,
’t wie in oergong as in brutsen tried,
ik seach gjin kym, gjin tsjerketoer,
de moarntiid stie op brekken.

Myn paad seach op ‘e beammen út
mei tûzen krieën yn de krunen
as model foar wa’t oer bergen giet;
de moarntiid naam noch gjin beslút,
woe earst noch efkes strune.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum