Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sûnder fracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De politike lieders binne wer teplak,
de syltocht oer de marren
hat wol goed foldien,
mar dochs gie ’t langstme út
nei ’t nije ûnderdak,
want wa’t regeart, sjocht fier foarút.

De âlde Steateseal is túgd mei nij tekstyl,
sadat it wurdt goed farren
yn de polityk,
mar sjoch it Steatejacht
sa sûnder túch en siel,
want yn de haadstêd sit de fracht.

Gjin politike leider hâldt har tsjin,
dan moat der oars wat barre
yn de krisistiid;
it túch leit klear op ’t flot
en ha de seelju sin,
dan helje sy in fiere skat.

Image

admin

Stoarmrûntsjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nei in stoarmnacht yn de djippe hjerst
ha ik myn rûntsje makke
mei it each op weach en skea,
it foel wat ta, der hie gjin ûnheil west,
de stêd wie net fersakke.

Image

Mei de twirren yn de rêch en ’t hier
seach ik ynienen kleuren
fleurich dûnsjen op ‘e wyn,
it foel fluch op, ’t wie net foar myn fertier,
dat ik moast fierder speure.

’t Wiene rûntsjes dêr’t it ûnheil lei,
in swiere en in lichte,
foar de toarst en tsjin de rein:
gjin hannen oan it stjoer, de ein fan wei,
dan waait men út ‘e hichte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum