Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferhaalleas

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
John Alexander

Se sitte yn Parys of yn Berlyn
en roppe: ”t Is no fiif foar tolven,
op ‘e klokslach komt it klear!’
Se redendiele noch in kear
en proastje mei in glêsfol wyn,
mar litte euro’s oer oan wolven.

’t Is kletse yn har finansjele talen,
tiid genôch om ien foar tolven,
gjin weet fan Israels ferhalen.

It barde yn Jeruzalem yn ’t lân
fan soannen, stammen, altyd tolve,
mei dat tal kaam ’t grif wol klear,
mar Mammon krige alle ear,
dat Babel stiek de stêd yn brân
en liet it lân oer oan de wolven.

Hy leunt op ’t boek, sit nêst de gouden skalen,
de profeet, op slach fan tolven,
en swijt foarearst yn alle talen.

Image
Rembrandt

admin

Sûnder fracht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De politike lieders binne wer teplak,
de syltocht oer de marren
hat wol goed foldien,
mar dochs gie ’t langstme út
nei ’t nije ûnderdak,
want wa’t regeart, sjocht fier foarút.

De âlde Steateseal is túgd mei nij tekstyl,
sadat it wurdt goed farren
yn de polityk,
mar sjoch it Steatejacht
sa sûnder túch en siel,
want yn de haadstêd sit de fracht.

Gjin politike leider hâldt har tsjin,
dan moat der oars wat barre
yn de krisistiid;
it túch leit klear op ’t flot
en ha de seelju sin,
dan helje sy in fiere skat.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum