Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skippers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie ’t gefoel, dêr kaam it doe op oan:
it seil omheech, de fok derby
en sittend op it helmhout
dreau de skipper as in fûgel frij,
it gie fan heit op soan.

Image

It rom waard grut, dat brocht de tiidgeast mei,
mei hûnderten pk’s derby
ferlear de skipper ’t útsicht
by it roer, de radar makke frij,
de regels wiene taai.

It wie it fak, dat die in grut berop
op ’t learfermogen fan de jeugd
op ’t flot, sels sûnder helmhout;
mei dat driuwfermogen, goed fan deugd,
gie ’t stadich hegerop.

Image

admin

Krisiswolken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie gjin simmer mear
en ‘k lei net yn de waarme heide,
’t waar wie kâld dy dei, mar klear
de loft mei wolken boppe greiden.

Mem wie der net, gjin fraach:
‘Wat sjochsto yn de wolken, jonge?’
‘k Lei de holle yn de kraach
en seach hoe traach de foarmen gongen.

It wie gjin do dy’t fleach
om frede oan de wrâld te bringen,
earder hoe’t de spin yn ’t reach
siet, klear om op syn proai te springen.

Ynienen wie ’t sa klear
as sinneskyn, de eurokrisis:
Grikelân foarop, dan lears
Italië, yn ’t reach ferliezers.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum