Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hjersttoaniel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

Noch stiet it teken fan de maitiid skean oerein
by ’t rizen fan de sinne:
fûgelbriedterrein.

It stek stekt skerper ôf tsjin ’t earste moarntiidsljocht
no’t walen ’t weagjend winne
fan de kym straks rjocht.

En as de sinne lûkt de dei nei ’t middeisskoft,
dan wurdt de dize tinner,
skuort de rôze loft.

Sjedêr op ’t hjersttoaniel de spilers fan it spoar,
foar ’t briedseizoen gjin hinder
fan it blêtsjend koar.

Image

 

admin

Nei de dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Op ‘e twirrren yn de stratosfear
bereizget hy de hiele ierde,
fan Australië op Fryslân oan;
yn ’t fleanen is er kant noch klear,
mar ’t driuwt him net ta dieden.

’t Is in dreamflecht, inkeld foar de sfear,
mei bylden dy’t samar ferglide,
dizich wurde, dan gjin hâlden oan,
mar yn de moarntiid is der mear
as ’t byld, de Fryske side.

Image

Tusken lân en wetter komt er del,
noch bol en fol fan heger sfearen,
dêrnei rint er leech, gjin dream hâldt oan,
en yn de fierte yn in tel
is ’t seil der, net te kearen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum