Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sterker as stien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tiden ha net altyd spegels west
foar glêde muorren, rjochte listen,
want mei stoarmwaar brekt it sicht,
bliuwt inkeld oer it grús as rest,
de dea yn withoefolle kisten.

Dochs giet de stap wer by de treppen op,
want gaos kin gjin libben keare
oandreaun troch de bloei as plicht,
sadat it folk rikt nei de top,
dan kin ’t wer oer syn muorren beare.

Noch sterker as syn muorren is de blom
dy’t opriist boppe sliten stiennen,
kontradiksje: swier tsjin licht;
soms reaget stoarmwaar muorren om,
mar ’t plús sil altyd libben winne.

Image

admin

Stoarmwaar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It waaide út it westen wei
mei wynkrêft sân earst oer it lân,
in heilleas folk yn alle steaten,
it siedde wyn by ljochtskyndei,
mar ’t gelde sie brocht neat ta stân
en hat de falske skyn ûntbleate.

Image

It boaze oan ta wynkrêft acht
en twirre oer de oseaan,
kaam doe mei tsien oan yn Biskaje;
de beammen kreunden yn de nacht,
in tal soe tsjin de flakte slaan,
yn alle steaten wie it skaaien.

Hy roeide troch, de fisker mei
syn fangst fan yn ’t begjin noch tsien,
de blierren yn syn stive kloeren;
hy fiske troch oant ljochtskyndei,
mar healwei hied er noch mar ien
en foar de boech noch mannich oere.

Image
Winslow Homer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum