Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Netwurkjacht yn retrête

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De hiele simmer wie ’t in pronkje
mei de pommeranten ûnder seil,
mar net om harren te besinnen,
want it netwurk wie ’t ultime heil
mei leafst in dikke duit yn ’t ponkje.

De hjerst kaam, noch in lêste jonkje,
doe lei ’t wetternetwurk sûnder seil,
mar dochs wie noch de wrâld te winnen
op it lân, fan slompen euro’s geil
gie ’t yn de krisis mei sa’n gonkje.

Foar ’t netwurkjacht in lêste spronkje,
gjin alluere, net mear ûnder seil,
mar om him dûbel te besinnen
by de Snitser tuorren foar syn heil,
wol foar in dikke duit yn ’t ponkje.

Image

admin

Sterker as stien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De tiden ha net altyd spegels west
foar glêde muorren, rjochte listen,
want mei stoarmwaar brekt it sicht,
bliuwt inkeld oer it grús as rest,
de dea yn withoefolle kisten.

Dochs giet de stap wer by de treppen op,
want gaos kin gjin libben keare
oandreaun troch de bloei as plicht,
sadat it folk rikt nei de top,
dan kin ’t wer oer syn muorren beare.

Noch sterker as syn muorren is de blom
dy’t opriist boppe sliten stiennen,
kontradiksje: swier tsjin licht;
soms reaget stoarmwaar muorren om,
mar ’t plús sil altyd libben winne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum