Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oantins

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hinget noch, mar foar hoe lang?
De iene operaasje nei de oare
lape ’t libben foar ’t seizoen wer op,
it tsjinne yn it grut gehiel as wang,
in sêfte dea, wa soe it doare?

It hong in libbenlang ta tsjinst
fan ’t grut gehiel om fêste koers te hâlden,
mar it easke sels gjin eare op;
de hichte wie foar ’t skipsfolk inkeld winst,
ferlies fan sûnens wie foar ’t âlde.

It hong net lang mear, want ’t seizoen
rûn nei de ein, doe hat it sels besletten:
’t hold ynienen op ‘e mar net mear;
syn sêfte dea waard oan it nije bûn:
de oantins waard yn izer getten.

Image

admin

Dyk fan ljocht en wolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De himel kleuret boppe ús Legeaën
read as bloed, mar ’t wurdt gjin wettersneed,
it binne tinten foar in maitiidsdei
as oars de hjerst, nei earst noch weaën,
losbriek mei in swiere stoarm, gjin need
dus, want wy geane oer de dyk ús wei.

De Grienedyk rint om de lege mieden
as beskermer tsjin it hege peil
wannear’t de stoarm it gea de wacht oansei;
de dyk hold trou de wacht, koe biede
wêr’t de muonts foar wrotten hie: it heil
dat op it lân en yn de tsjerke lei.

Mar ’t heil sil fan de wetterhearen komme
mei de dykmodellen op ’t buro
en sleatten euro’s fan it sljochte folk,
want neat kin har in krisis bomme,
’t giet hjir om in mistsenario
by maitiidswaar: in dyk fan ljocht en wolk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum