Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Drama

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Trije dagen sloech in rûge stoarm
de hurde Friezen út ‘e slomme,
sloech de needklok grut alarm:
‘De diken brekke, wol ferdomme!’

Friezen, like nochter as de dyk
as memme earm om Fryslâns polder,
laken har om ’t balten bryk:
‘Dit is by ús ferline kolder!’

’t Wetterskip sloech heech foar master op
mei bulten modder by de Potten,
mar de Burd kriich ’t op ‘e kop:
‘Wol nee, allinnich wiete fuotten.’

Image

Trije dagen jouwe skippersrjocht,
dus hurde Friezen, lit ús farre,
want dat jout nêst need ek nocht,
foar ’t wetterskip ha wy al sparre.

admin

Dream fan in jonge

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dêr leit ús lytse jonge,
ôfkeard fan de wrâld,
yn djippe sliep fersonken.

Gjin fûgel heart er sjongen,
bûten is it kâld,
dochs ha der lûden klonken.

Hy wit noch fan gjin ingel,
hoeder mei syn skiep,
doch hearde hy de lûden.

It liket op getingel
yn de earste sliep,
in oprop, mar noch hoeden.

Hy dreamt grif fan de fûgel,
aap, no al syn maat,
har rop komt út ‘e fierte.

Hy reizget fia google,
neffens âlders’ aard,
it byld lit it him witte.

Dan fljocht de grutte jonge
oer de hiele wrâld
yn bylden djip fersonken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum