Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Under de dollar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rik de Vos*

Image

Sy binne fjurrich yn de romte sketten,
folge troch de eachopslach fan twa miljard
en sweve los fan alle ierdske wetten
yn de sânde himel op de Heare ôfstimd,
dêr’t allinnich wat foar blanken bart:
God bless them!

De basis foar de romte is de dollar,
dêr’t men yn ien eachopslach op sjocht wat bart:
de stâle klimt, de poddestoel wurdt foller
foar de ierdske hel op alle duvels ôfstimd
oars as Washington, sa’n twa miljard:
God damn them!

De romte foar de earmen is dêrûnder
mei in eachopslach dy’t seit: ‘Wy binne swart
en leauwe net mear yn it ierdske wûnder
fan de sânde himel op de Heare ôfstimd,
dêr’t allinnich wat foar blanken bart:
God damn them!’

* Rik de Vos (1936-…)
sette syn ynteresse foar polityk
oer op surrealistyske skilderijen.
Dit skilderij neamde er
‘100 misunderstandings about a dollar’.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum