Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fûgelfisioen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De stêd is fol mei it ferline
dat my altyd wer fernijt
oer folk dat nei de hichte stribbe;
wylst ik rin fan feit nei feit,
kin ik de wiere skiednis fine.

Image

Ynienen giet myn each nei boppen
by de tsjerkemuorre lâns
en sjoch ik hûndert kaen sitten
op ‘e naald, guon út balâns
troch wiffe poaten, dwile koppen.

It komt, sa giet it troch my hinne,
fan it hege hillichdom
dat fûgels yn ekstaze binne,
kom by stedslju dêr ris om,
dy wolle leafst de lotto winne.

In minske kin him raar fersinne
yn de djipte fan de siel
fan fûgels dy’t it sjitten hearre
fan in fleanend ûnderdiel
fan Fryslâns float, om feiten hinne.

Image

admin

Heech 2012

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wy lasken stiel op stiel,
’t moast hecht, dus lang en breed
mei ek diagonalen,
stielhurd wie ús doel, ’t gehiel
moast rap de hichte yn, by need
mei ymmorele halen.

En doe’t de kraan der stie,
kaam út it westen wei
in flecht fan swarte krieën,
’t hie wat driigjends har berie
oer wat noch foar de eintiid lei…
wat hiene wy te bieden?

It laskjen fan in jier
fan dei op dei, it each
nei boppen, op ‘e glêzen,
bol fan ljocht, ek sels yn ’t spier
om fuort te wiskjen stront en reach
foar elk syn heechste wêzen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum