Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ungelyk ferdield

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Men hat it troch de tiden hinne field:
wa’t hawwe, krije mear,
de rest lit noch in fear,
’t is ûngelyk ferdield.

De evolúsje lit it lang al sjen:
it giet fan fear nei wol,
de leechte rekket fol,
it kin net sûnder bern.

Sa is de takomst fan it skiep it laam,
soms ien, mar faker twa,
op trije moat it ta,
soks leit ek oan de raam.

Image

De evolúsje wit net hoe’t it fielt
mei fjouwer om in mem,
wêr is dan noch in rem,
’t is ûngelyk ferdield.

In eintsje fierderop leit noch in skiep,
sy hat allinnich wol,
it jaar klinkt aaklik hol,
foar har de djippe sliep.

De mem bliuwt wekker fan in drok beweech
by ’t jaar, mar plak foar twa,
’t moat op ‘e flesse ta,
’t bliuwt ûngelyk, dus dreech.

Image

admin

Underwiiskleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se steane nêst elkoar,
foaroan ’t kolleezje mei it hege tal
en dan de skoalle, lytser mar wol fol.

In fleurich stel studinten,
grut fan stal en fan ferstân
mei dikke mappen yn de hân,
oranje grutsk op har persinten,
stiet model op ’t wite doek
foar ’t ûnderwiis yn Nederlân.

Image

’t Gebou is folle leger,
mar hat kassen by de hân,
in opstap nei it iepen lân,
it persintaazje groei noch heger,
ien wurd yn it iepen boek
foar ûnderwiis mei griene bân.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum