Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Relativearring

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se ha it dien, ús fuotbalteam,
in reis, dy’t waard wurdearre,
nei Auschwitz-Birkenau,
de reek wie griis, de himel blau,
elk hat relativearre.

Yn Krakau wie dyselde dei
in training foar kondysje,
it wurkjen nei de top,
yn ’t folle stadion de rop:
‘De liuw kin it wol hysje!’

Image

Yn Snits is ’t al Oranjefeest,
want fuotbal wurdt wurdearre
yn strjitten, breed en nau,
de fan is oan de striidliuw trou,
wol foar in goal wol stjerre.

Mar ’t wurk giet troch, ek yn de bou,
de kleur relativearret.

Image

admin

Peutboat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy joech syn konkurrinten klap op klap
as yingling yn perfekte trim,
mar dat is al in pear jier lyn,
hy smarde him mei peut yn foar de grap
mei ’t kleureffekt foar show en glim
en ’t wûnder wie, hy kriich de measte wyn.

Image

Al skoften stiet er achter ’t stikeltrie,
ferliezend enerzjy en glâns
en sels de namme mist syn kleur,
de konkurrinten komme ta de die
en gripe op ‘e mar har kâns:
’t effekt fan yingling Klapper yn mineur.

De diagnoaze is net al te dreech
as men nei swurd en mêsten sjocht,
de eleminten fan alear,
se stekke djip en stribje nei omheech,
dy skippen dogge oan it Fryske rjocht…
de Peut is mankelyk en wol net mear.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum