Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op wei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy is op wei sa’t hy dêr stiet,
de rjochte dyk rint nei de kym,
dy’t breed syn earmen spriedt.

De bermen binne grien fan hoop,
de blommen bloeie hjoed op rym:
‘It wurdt in hiele loop.’

De âlde iik seit: ‘It komt klear,
de groei is der by my al út,
somtiden die it sear.’

It piipkrûd fluitet wyt fan nocht:
‘Sjoch foar dy nei de blauwe loft,
gjin noed, de dyk is rjocht.’

De dyk wiist him de rjochting oan:
‘No sa, dit duorret noch in skoft,
de fleur deryn, oant moarn!’

Image

admin

Hynstespul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It byld wie net sa fleurich
doe’t ik by de greide kaam
en trije hynders seach:
twa brune mei it each
op ’t swarte, wat ik naam
as earnst, dus ’t stimde treurich.

It wie diskriminaasje,
brún tsjin swart, sa tocht ik earst:
in raam en yn in tel
gie ’t swarte fel al del,
lykwols die noch it searst
it spul fan ’t brune naasje.

It stie sabeare treurich
en hold as maten deadewacht
mei trije sturten del,
noch fan de klappen kjel,
mar wit hoe’t earnst beslacht:
se fjouweren wer fleurich.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum