Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Peter Stuyvesant

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Hendrick Couturier*
fan ûnbekend**

Stêd Amsterdam leit oan it IJ,
fort Amsterdam lei oer de oseaan,
dêr’t yndianen lang al wennen;
de blanken makken dêr rom baan
foar eigen winst: sa dogge wy!

Se kochten foar in habbekrats
de bearehûden fan de autochtoan,
dy’t dêr al ieuwen jacht op makke;
de blanken joegen oan de toan,
wa’t net omlyk woe: daliks bats!

Image

Fries Peter Stuyvesant, ien skonk,
de oare wie op de Antillen bleaun,
waard lieder fan de kolonisten,
hy wie gjin yndianefreon:
har frjemde dwaan en litten stonk.

’t Gefaar kaam fan de oare kant,
want fjouwer Ingelske fregatten ha
fort Amsterdam ynnommen,
sa gie it op in oarloch ta,
mar diskear sûnder Stuyvesant.

Image

* Hendrick Couturier (1620-1684)
Skilderij ‘Peter Stuyvesant’

* Skilderij ‘Nij-Amsterdam wurdt ferovere
troch de Ingelsen’

admin

Mary Stuart

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Bartholomeus van der Helst
en Gerard Honthorst*
fan Anthony van Dyck**

Mary Stuart, famke fan tsien jier,
mei ’t keninklike bloed,
kaam nei it lege lân,
mar net foargoed.

Image

Mary troude earst mar foar de sier
mei Willem, ek noch jong,
de twadde yn it lân,
sa’t soks doe gong.

Willem kaam yn ’t libben net sa fier:
de pokken, ’t wie fataal;
de tredde yn it lân,
in jong ferhaal.

Mary waard oer soantsje Willem fâd,
it lei net yn har aard
te bliuwen yn dit lân,
dus op ‘en paad.

Mary stoar datselde jier, net âld,
de pokken, dus fataal,
rêstplak: bertelân,
trochgeand ferhaal.

Image

* Bartholomeus van der Helst (1613-1670)
en Gerard Honthorst (1590-1656)
Skilderijen ‘Willem II en Mary Stuart’

** Anthony van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Prinses Maria Henriëtte Stuart’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum