Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Understeboppe

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan de Baen*

Image

Dêr stiet er noch, Johan de Witt,
de keninklike presidint
fan Hollân yn de rike jierren,
’t ideaal fan de regint,
dêr’t hy syn stean en gean oan mjit.

Dy rykdom stiet troch oarloch faai,
lykas it libben fan it folk,
dat net om strideraasje freget;
fjouwer kear in tongerwolk,
dêr rêdt De Witt him ek net mei.

Johan wurdt stutsen mei in dolk,
Cornelis rekket yn de sel:
‘Oranje boppe, Witten ûnder!’
Gjin De Witt is mear yn tel,
de macht leit by it sljochte folk.

Dêr hingje sy, twa kear De Witt,
ûntdien fan mage, terms en hert,
de measte fingers yn de hannel;
rap en rút wit fan gjin wet,
dêr’t oars it folk ’t bestean oan mjit.

Image

* Jan de Baen (1633-1702)
Skilderij ‘Portret fan Johan de Witt’
Skilderij ‘De liken fan de bruorren De Witt
ophongen op it Griene Soadsje
oan de Fiverberch te De Haach, 1672’

admin

Op fjouwer fronten*

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Adam Frans van der Meulen**

Wat jildt noch as in hecht ferbûn
as sprake is fan laf ferrie,
sa hat ús lân it ûnderfûn
doe’t Ingelân der net foar gie.

Dy steat sleat him by Frankryk oan,
mei ’t biskopspear út Dútslân wei***,
de Republyk hie it bedoarn
by Loadewyk, it like faai.

De Sinnekening liet him sjen
mei hûnderttweintichtûzen man,
de Republyk wie al ferlern
by Lobith, hie gjin oarlochsplan.

Image

De kening hearde fan in boer
hoe oft it fjild derhinne lei:
hjir koed er wol de droechte oer;
sa wiisde lânferrie de wei.

Gjin wetter hold de Frânsman tsjin,
gjin festingmuorre wie te tsjok,
it wiisde foar de boargers min,
op fjouwer fronten wie in flok.

Image

* De oarloch fan 1672

** Adam Frans van der Meulen (1632-1690)
Skilderij ‘Loadewyk XIV by de Rijn’
Skilderij ‘It Frânske leger foar Naarden’

*** De biskoppen fan Keulen en Munster  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum