Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Glorieuze kening Willem

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Godfried Schalcken*
fan Ludolf Bakhuizen**

Image

Kin in jonkje fan de Republyk
behalve prins ek kening wurde?
Willem hearske yn it grutte ryk,
hy wie troch mannich striid behurde.

’t Koe allinnich troch syn oare helt
út Ingelân, de kreaze dochter
fan de roomske kening, mei geweld
sa spile hy foar heechste rjochter.

Kening, mar dan wol as protestant:
de glorieuze revolúsje,
skoanheit kening ôf, gjin triennen, want
yn Willem hie it lân fidúsje.

Mar hy wie ek fan dat oare lân,
soe hy syn bertegrûn ferjitte?
Yn de winter, lânend op it strân,
ried hy syn folkje yn de mjitte.

Image

* Godfried Schalcken (1643-1706)
Skilderij ‘Portret fan Willem III, prins fan Oranje’

* Ludolf Bakhuizen (1630-1708)
Skilderij ‘Oankomst fan Willem III’

admin

Loadewyk XIV

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Hyacinthe Rigaud**

Image

Dêr stiet er dan, de lytse Loadewyk,
gjin Frânsman hie him noch ferwachte,
oan in famke hast gelyk,
as Sinnekening waard er achte.

As beuker kriich er al de keningskroan,
te swier noch foar syn lytse holle,
mar it joech wol oan de toan
foar letter om de macht te wollen.

As jonge liet er al syn leger sjen,
al wiene dat noch tin-soldaten,
’t jurkje hearde by it bern,
hy liet de unifoarmen prate.

As puber seach er him as byld fan God,
syn sinne skynde oer de ierde,
hearskjend oer it minskelot,
wat soe ta grutte hichten liede.

Dêr stiet er dan, de lytse Loadewyk,
dy’t mei de prúk op grutter liket,
lytser as er woe, wie ’t ryk,
de grutskens moast úteinlik wike.

Image

* Skilderij ‘Anna fan Eastenryk
mei har soan Loadewyk XIV’

** Hyacinthe Rigaud (1659-1743)
Skilderij ‘Portret fan Loadewyk XIV’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum