Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Iiskâlde oerstek

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Emanuel Gottlieb Leutze*

Image

Unôfhinklikheid wie al beskreaun,
mar frijheid hearske net oeral,
moast noch oer ’t wetter farre
nei it folk troch Britten ûndertreaun,
it soe mei krysttiid barre.

’t Wie ôfhinklik hoe’t de Delaware
him oansjen liet mei stream en iis
en hoe’t de roeiers wrotten
mei it each op skossen en de stjer,
se bleauwen wol op fuotten.

Washington syn fuotten stiene fêst,
wylst skossen bonkten tsjin it board,
syn each loek nei de fierte,
dêr’t it freonefolk wie noch yn lêst,
it soe fan frijheid witte.

Stekt de frije geast rivieren oer,
gjin hâlden is der sa noch oan,
it iis sil daliks teie,
wurdt de waarmte dan fan lange doer,
gjin folk is te bekleien.

* Emanuel Gottlieb Leutze (1816-1868)
Skilderij ‘Washington stekt de Delaware oer’

admin

George Washington

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gilbert Stuart*

Image

Dêr stiet er dan, de presidint,
de earste fan in ûnôfhinklik lân
op grûn fan revolúsje,
noegjend mei de rjochterhân:
myn foarbyld jout fidúsje.

Hy wie op eigen hiem de baas,
plantaazjehâlder, ûnôfhinklik hear
fan grutte landerijen;
mei syn slaven wied er klear…
wist hy doe fan har lijen?

George Washington yn stimmich swart
seach fierder as op ’t eigen hiem de stream
fan slaven nei de fjilden;
nei de nacht gie troch de dream
dy’t yn de hichte tilde.

* Gilbert Stuart (1755-1828)
Skilderij ‘George Washington’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum