Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Oarloch om Amearika

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Phillips Melville*

It wie omdat de Republyk
syn steun joech oan rebellen
yn Amearika
dat Ingelân joech fûl replyk,
hie ’t lege lân wat te fertellen:

In kistke mei ’t geheim ferdrach
is út it wetter helle:
oan Amearika
ferliende ’t lege lân gesach,
sa wurdt ús dat besit ûntstellen.

Image

En boppedat is ek bekend
de smokkel fan gewearen
nei Amearika,
wat yngiet tsjin de fredestrend,
it lege lân moat striden leare.

Omdat jim steat wol net omlyk,
ferklearje wy de oarloch
oan de Republyk.

* Phillips Melville
Skilderij ‘Earste offisjele salútskot
oan de Amerikaanske flagge’ 

admin

Glorieuze dea

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan John Trumbull*

Men wit, it bart en withoefolle kear:
de oarloch fret soldaten,
namleas, nei de striid is ’t klear,
dêr falt net oer te praten.

In kapitein of is ’t in generaal?
It bart net alle wiken,
dat dit is in oar ferhaal,
in stjer tusken de liken.

Men fielt, dit byld is withoefolle mear
as inkeld alteraasje,
foar de generaal de ear
en gloarje foar de naasje.

Image

* John Trumbull (1756-1843)
Skilderij ‘De dea fan generaal Montgomery’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum