Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Krystdream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De krystbeam seachst fan fierren stean,
heech boppe ’t meanfjild út,
de rêch rjocht as in kears,
de earms yn langte kreas
ferspraat oer hiel de beam,
karakterfol it ljocht
útstrieljend as in dream
dy’t wierheid wurdt.

Image

Dy sneintemoarn, de nacht foarby
fan drank en dronken gean,
doe seachst de krystbeam al
fan fierren net mear stean,
de brek kaam foar de fal,
dat rêch en earms gjin sier
mear joegen oan it stal,
de dream foarby.

Image

Dyselde moarn by’t opgean fan
de sinne stie in elzebeam,
fersierd noch mei de rest
fan ’t jier foarby, syn bêst
te dwaan om mei it ljocht
fan loft en wetter stal
te jaan oan djippe dream
dy’t wierheid brocht.

admin

Op slach fan alven

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe’t it mooglik wie
dat tolve tsjerkegongers
op ‘e snein foar kryst
oer ’t paad nei foaren gongen,
ien foar ien dêr stiene,
in kears fan tafel pakten,
dy by de grutte diene,
dat sûnder wiffe swakte
de flam wer fierder gie
en elk syn soarch en dreamen
sa by it skynsel die?

As op slach fan alven
de Geast saait yn de herten del
op wjukken fan it sjongen
dat elk op ierde telt,
it skiep it wint fan wolven,
de hearen fan geweld
mei lege hannen steane
yn eigen rein en kjeld,
de stimmen frijút sprekke
dat as de wierheid jildt:
as op slach fan alven
de Geast saait yn de herten del,
dan binne der wol tolve
dy’t frij nei foaren geane
en elk syn soarch en dreamen
licht yn it skynsel tilt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum